Dokkumers twivelje noch oan fontein yn sintrum

15 jan 2016 - 10:10

De gemeente Dongeradiel hat sa'n 150 reaksjes krigen op it ûntwerp foar de Kulturele Haadstêd-fontein yn Dokkum. Keunstner Birthe Leemeijer makke it ûntwerp. Se liet har ynspirearje op De Markt, yn it Dokkumer sintrum. Dokkumers dy't reagearren op it plan snappe it idee, mar hawwe noch al soargen oer de romte. Se wolle benammen witte oft der wol genôch romte oerbliuwt foar parkearjen en eveneminten. 

.De gemeente hat dêrom in oantal fan dizze minsken útnûge om oer de beswieren te praten.

Gearkomste

Dêrfoar hat Dongeradiel ek saakkundige Enno Zuidema frege, hy sit as ûnôfhinklike partij by de petearen. De útkomsten wurde op 16 febrewaris bepraat op in gearkomste yn de Grutte Tsjerke fan Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)