Kollum: ''Donald Duck''

15 jan 2016 - 09:35

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

''It leukste nijs fan dizze wike fûn ik dat Geert Wilders stikem it leafst oer Donald Duck lêst. RTL Nieuws ûntduts syn twadde, geheime Twitter-profyl en dêrút blykt dat de rjochtse politikus hast alle stripfigueren út de Donald Duck folget. Donald Duck sels, Hiawatha, Gijs Gans, Kwik, Kwek en Kwak en buorman Bertus Bolderbast. Geert Wilders is sljocht op se. Foar de leave stumperkes dy’t noch altyd net witte wat Twitter is: it is in online berjochtetsjinst dêr’t miljoenen minsken inoars harsenskeetsjes lêze kinne. 

Geert Wilders hat ek in profyl op Twitter, dêr’t er typysk genôch net ien folget, mar wol folge wurdt, en allinnich mar politike praatsjes de wrâld ynstjoert. Mar RTL Nieuws fernaam dat Wilders yn it genyp ek noch in persoanlik profyl oanmakke hie. Hy folget mei dat profyl berjochtsjes fan een pear hûndert twitterjende minsken wêrûnder wol 40 sjoernalisten dy't eins de rambam krije kinne mar dy't hy dochs yn de gaten hâlde wol. Fierder hiel wat Israelyske profilen en wat pleatslike klups út Venlo. En hy folget dus mar leafst 17 fiktive persoanen út Duckstad. Hilarysk. 

Ik tink dat it treffend is foar Geert. Lytse Geart. Hy dy't bekend stjit om syn hurde oneliners as de kopvoddentax, syn denigrerende ideeën oer minderheidsgroepen, syn opruiing mei syn Kom-in-verzet-kampagne, syn ongebreidelde populisme en syn bernige gedrach. Dizze Geart lêst it leafst oer muntsjespoetser Donald Duck en de Zware Jongens. Dat bernige fan him waard fan 'e wike wer ris dúdlik doe't er de nije Keamerfoarsitter Khadija Arib fan de PvdA gjin hân jaan woe nei har oerwinning.

Hy krige syn sin net en dan docht er dus sa as in kleuter, ek al is it en public yn de Keamer. Dat docht er omdat al syn gedrach polityk is. Ek al moat er dêrom berneftich dwaan. "No, ik jou dy gjin hân hear want ik fyn dy net leaf." Hy fiert dermei  gewoan in show op foar syn gefolch, want ik wit dat er Arib stikem ek in stoer emansipearre frommes fynt dy't harren sels as ymmigrantebern omheech bokst hat en poer geskikt is as foarsitter.

Geart. Lytse Geart. De man fan de maskers. Fan de show. Sjoernalisten meie de rambam krije, mar yn de wandelgongen is er ôfgryslik aardich tsjin se en bellet se op as er se nedich hat.

Oer him persoanlik witte we noch net sa'n hiele protte. Dat hâldt er graach geheim. We witte dat hy út Venlo komt en in Hongaarske frou hat, dat er by de VVD wei komt, dat syn pake by it Nederlânsk-Yndysk leger siet, en dat syn beppe fan joads-yndyske ôfkomst is. Hy hat dus ek wat Yndysk bloed. Wêrom't hy syn hier sa nuver fervet, witte we net hielendal. Je kinne riede. Miskien wol er syn eksoatyske woartels wol ferbergje.

Wat we no wol witte is wat de ultra-rjochtse politikus foar hobbys hat: dat er graach oer Donald Duck lêst, en yn de Droomvlucht fan de Efteling giet. 

De Droomvlucht is in attraksje dêr't je yn in karke troch in wonderbosk fol elfkes, kastielen, kabouters en trollen sweve. By in dei út mei de PVV woe Wilders der mar leafst sân kear achter inoar yn. In byld om yn de efterholle te hâlden. As ik my wer ris lilk meitsje oer syn gedrach of útspraken, sil ik fan no ôf betinke dat hy it allinnich mar docht om stimmen te winnen, en dat er eins leaver yn de Droomvlucht sit en yn in karke troch in sprookjesbosk sweeft. Of op de bank leit mei in tekkentsje oer en de lêste nijtsjes út Duckstad yn de gaten hâldt.'' 

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)