Alvestêdetocht op keunstiis yn Biddinghuizen

Op it keunstiis fan de iepenloftbaan by Biddinghuizen wurdt op 14 jannewaris takom jier in Alvestêdetocht riden. Dizze Elfsteden Challenge sa't er hjit, moat yn alles lykje op de echte Alvestêdetocht. De riders starte út in koai, moatte earst in ein drave, en de stimpelposten lizze like fier út elkoar as yn it echt.
Ien fan de organisatoaren is Klasina Seinstra. As 28-jierrige wist sy yn 1997 as earste fan de froulju oer de streek te kommen fan de 15de Alvestêdetocht.