Minister bliuwt gasboarrings Súdwest-Fryslân ûndersykjen

Boarje nei gas
Minister Henk Kamp fan ekonomyske saken sil gewoan trochgean mei it ûndersykjen fan gasboarrings by Toppenhuzen en Rie. Dat seit er yn in reaksje op skriftlike fragen fan de Fryske Twadde Keamerleden Lutz Jacobi en Jacques Monasch.
De twa PvdA-Keamerleden fregen Kamp om ôf te sjen fan gaswinning yn Súdwest-Fryslân. Neffens Kamp is it lykwols syn ferantwurdlikheid om it gaswinningsplan te besjen, nettsjinsteande dat de gemeente Súdwest-Fryslân en de provinsje Fryslân tsjin binne op eksploitaazje fan de gasfjilden.
Ferantwurdlikheid leit by it ryk
"De politieke stellingname van gemeente en provincie ontslaat mij niet van mijn wettelijke verantwoordelijkheden en de daarbij geldende wettelijke kaders", seit Kamp. Hy stelt dat it de ferantwurdlikheid fan it ryk is om it troch gaswinningsbedriuw Vermilion yntsjinne winningsplan te beoardielen en eventueel in gunning te jaan.
De minister hat noch gjin beslút naam oer de gunning fan de gaswinning yn Súdwest-Fryslân.