Ljouwert start mei proef 'tûk parkearje'

14 jan 2016 - 18:42

De gemeente Ljouwert wol dat der yn de spits minder auto's ride yn de stêd. Dêrom start der moandei in proef mei it saneamde 'tûk parkearje'. Op it parkearterrein B2 by it WTC-Expo betelje parkearders yn de spitsoeren in euro de oere. Bûten de spits is dat in dûbeltsje. De proef rint oant de ein fan dit jier. 

Ek lâns de Harlingertrekweg moatte parkearders fan moandei ôf betelje. Sa moat der mear romte komme foar minsken dy't dêr wenje, of dêr foar it wurk wêze moatte.

Trefwurden: 
parkearje Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)