"Ljouwert hat temin iepenbiere húskes"

14 jan 2016 - 16:48

Der moatte mear iepenbiere toiletten yn de binnenstêd fan Ljouwert komme. De pear húskes dy't wol frij tagonklik binne yn it sintrum, binne boppedat sa smoarch dat gjin fatsoenlik boarger se brûke sil. Neffens de Ljouwerter politike partij Feriene Lofts is dit net allinne in minne saak foar de eigen ynwenners, mar ek foar it toerisme. Hielendal no't Ljouwert as Kulturele Haadstêd 2018 de kommende jierren krekt folle mear toeristen ferwachtsje kin.

Stedsmanager Hayo Galema fynt ek dat der mear iepenbiere húskes komme moatte, mar sjocht dat der yn it sintrum fan Ljouwert gjin romte foar is. Hy fielt mear foar ûndernimmers dy't toiletten kommersjeel oanbiede, sa as dit yn it westen fan it lân ek al bart. Ek tinkt hy dat winkels en de hoareka harren húskes mear iepenstelle kinne foar toeristen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)