"Mantelsoargers moatte minstens acht frije dagen krije"

14 jan 2016 - 16:14

Mantelsoargers moatte yn de takomst op syn minst acht soarchfrije dagen krije kinne. Op dy dagen moat de soarch troch betelle krêften oernaam wurde, sadat de mantelsoarger efkens bykomme kin. Mei dat plan kaam Soarchbelang Fryslân tongersdeitemiddei op de nijjiersresepsje.

Op dy resepsje wurdt net allinnich in gleske dronken op it nije jier, mar wurdt ek mei tal fan partijen serieus besjoen hoe't der mear oandacht jûn wurde kin oan mantelsoargers.

Bettere kommunikaasje

Sa moat der neffens de belutsen organisaasjes ek mear omtinken komme foar de kommunikaasje mei mantelsoargers. De pasjint wurdt faak wol goed op de hichte hâlden fan bygelyks in feroaring yn wetjouwing, mar ferjitten wurdt om dan ek in brief te stjoeren nei de mantelsoarger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)