Minister: "Fertrekregeling Hefpuntdirekteur wie terjochte"

Haadkantoar Wetterskip Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De fertrekregeling foar de eardere direkteur fan it Hefpunt, it belestingkantoar fan de wetterskippen, is neffens de regels. Dat lit minister Plasterk fan Ynlânske Saken witte, nei fragen fan meardere partijen yn de Twadde Keamer. As de direkteur gjin nije baan fynt, krijt er hast in miljoen euro.
Neffens de minister wurdt dit bedrach net yn ien kear betelle, mar oer in perioade fan tsien jier. De minister fynt wol dat de regeling de direkteur dêrtroch net stimulearret om op syk te gean nei nij wurk.
Hy hat dêrom mei de wetterskippen ôfpraat dat in fertrekregeling tenei net langer as trije jier rinne mei.