"Reek út REC fielt krekt as sigarettereek yn ús longen"

14 jan 2016 - 11:47

By twa Harnzer bedriuwen hawwe meiwurkers sûnensklachten sûnt de komst fan de ôffaloven, sa sizze se. It giet om Windpower Centre en Damen Shipyard Repair. By Windpower Centre sjogge se de reekplom oankommen. It fielt dan "krekt as oft we sigarettereek ynazemje en dat fielt net prettich yn de longen", seit direkteur Lammer Soet.

It irritearret, krekt as reek. "As it de iene dei bûten is, sit de reek de oare dei yn it gebou." Der hawwe wol dagen west dat Soet sels nei hûs ta gie fanwegen de reek.

Damen Shipyard Repair sit ek neist de REC. Sy konstatearje in "bovengemiddelde toename van het ziekteverzuim sinds de komst van de oven". It giet dan om "beperkingen aan de luchtwegen". Wat delkomt op kielklachten, muoite mei sykheljen en longklachten. Mar bewiis dat it troch de oven komt, is der net.

"It is ek smoarch wurk wat we dogge", sizze se sels. Mar de taname yn sûnensproblemen is der net by de fêstiging yn Den Helder. Beide bedriuwen wolle net foar de mikrofoan reagearje.

De klachten fan de bedriuwen binne net bekend by de gemeente en by Omrin. Wethâlder Boon fan Harns ropt de bedriuwen op om harren dochs te melden. Omrin wol fierder net ynhâldelik op de saak reagearje en wachtet de offisjele ûndersiken ôf. 

Tongersdeitejûn yn Bynt mear. Wenje jo yn de omkriten fan de REC en hawwe jo ek sûnensklachten? Reagere kin fia: bynt@omropfryslan.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)