Jou dyn miening oer plannen foar de Waadsee- en Noardseekust

Noardseestrân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De Natura 2000-plannen foar de Waadsee- en Noardseekust kinne fan tongersdei ôf oant en mei 25 febrewaris besjoen wurde. Belanghawwenden kinne yn dizze perioade harren miening jaan oer de plannen en eventueel beswieren yntsjinje.
Yn de plannen stiet hokker maatregels der de kommende seis jier naam wurde om de natuer by de Waadsee- en de Noardseekust del te beskermjen.
It ministearje fan Ynfrastraktuer en Miljeu hat de plannen makke, yn oerlis mei ûnder oaren provinsje, gemeenten en ferskate maatskiplike organisaasjes.
Yn it Waadgebiet binne meielkoar sân Natura 2000 plannen te besjen. Neist de Waadsee en de Noardseekust, binne dat Flylân, Skylge, It Amelân, Skiermûntseach en Teksel.