Rekôroantal huzen ferkocht yn Fryslân ôfrûne trije moannen

14 jan 2016 - 10:24

De huzeferkeap fan it ôfrûne fearnsjier wie goed, meldt makelersferiening NVM Fryslân. De ôfrûne trije moannen waard in rekôroantal Fryske wenningen ferkocht: 1413. Dat is 17 prosint mear as yn deselde perioade in jier earder.

Der wurde wol hieltyd minder huzen oanbean: it oantal huzen dat te keap stiet, is mei 14,2 prosint weromrûn tsjinoer in jier lyn. Yn de regel binne de prizen fan de Fryske huzen lyk bleaun.

Regionaal binne der lykwols grutte ferskillen. Sa binne der yn Noardwest-Fryslân 32,1 prosint mear huzen ferkocht wylst yn regio midden Fryslân de stiging ophâldt by 8 prosint.

De ferkeaptiid fan Fryske huzen bliuwt wol in bytsje efter by de rêst fan Nederlân: gemiddeld stiet in hûs yn Fryslân 123,6 dagen te keap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)