Kollum: "Omtinkers en komplottinkers"

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.
"De krimp as oanjeier fan it kroechalvetal en de senioarebreedtesport. It is wat in frjemde sin om in kollum mei te begjinnen, dat begryp ik wol, mar op guon pakken is dat ynkoarten, of no al, realiteit. Wy Friezen sette te min bern oan en as we dat dan al dogge, wurde dy sa ‘brainwasht’ dat se miene dat it gers oeral grien is, útsein yn de moaiste provinsje fan Nederlân en dat se hjir as de soademiter wei moatte as se de jierren ha.
No bin ik net sa’n komplottinker, chemtrails en datsoarte saken binne net echt oan my bestege. O, jim witte net wat chemtrails binne? Dat binne de wite streken yn de loft, dy’t feroarsake wurde troch de útlitgassen fan fleantugen dy’t kondinsearje yn de kâlde boppelaach op tsien kilometer hichte. Eartiids wienen dat gewoan streken yn de loft, hjoed-de-dei binne der erchtinkende minsken dy’t miene dat de mondiale machthawwers ús fan boppen ôf besproeie mei middels dy’t ús dwaan en litten op sinistere wize beynfloedzje.
Ik sil hjir no mar net oer trochgean, mochten jim der mear oer witte wolle, reagearje mar fia op ff@omropfryslan.nl, dan wol ik der noch wolris in kollum oer skriuwe. Appe mei ek, hearde ik fan Jacob. Dy sil daliks it nûmer wol efkes neame.
It foarlân dat de braindrain feroarsaket, dêr wol ik it oer ha. In griis foarlân, moat ik sizze. Sjoch, as ik al fan de komplottinkers wie, hie ik grif sein dat al ús bern troch de hegere machten mentaal sa beynfloede wurde dat se miene dat Fryslân en it Frysk trije kear neat is. Mei oare wurden, ús talintfolle jonge Friezen wurde sa bewurke dat se der hillich fan oertsjûge binne dat Fryslân saai, oubollich en sûnder takomst is. As je dy mentale terreur mar lang genôch folhâlde, begjinne se der fansels yn te leauwen.
En de rest fan Nederlân en de wrâld profitearret skamteleas fan de kunde en ‘know how’ fan ús leave en och sa tûke bern. Fryslân sil dus leech reitsje en it folk dat der noch wennet is oer in oantal jierren âld en griis. Dat freget om in oare wize fan oanbieden fan sport en sa mear. Yn de bûtendoarpen melde harren no al hieltyd minder bern oan by de lokale sportklups. Dat binne net myn wurden, mar dy fan immen dy’t it witte moatte soe.
Oanlieding fan dit ferhaal is nammentlik de besite fan wethâlder Jelle Zoetendal fan gemeente It Hearrenfean oan it programma fan FlyersLiveTV. Dat programma hat mei iishockey te krijen, as jo dat op Youtube opsykje kinne jo live de wedstriden fan de hockeyers fan It Fean besjen. De wethâlder wie gast yn it foarprogramma dêr’t er it oer syn wurk hie en wat op de gemeenten takomt no’t se in soad taken fan it ryk oerkrigen ha.
As we it oer sport ha, is der in wêzentlik ferskil. Bern sporte oan de ein fan de middei en jûns, nei't se thús komme fan skoalle, mar de âlderein wol moarns sporte. Tusken de kofje en it triedsjefleis, want nei iten moatte se efkes knipperje en as it tsjin de jûn rint lûkt de kjeld harren al gau by de kûten omheech en bliuwe se leaver binnendoar. Dus moatte der moarns trainers beskikber wêze om dy grize weach in fatsoenlike warming-up oan te bieden. De measte trainers ha oerdei oar wurk, dus is der in hiel nije wize fan oanpak nedich. Tige nijsgjirrich, ik bin benijd hoe’t him dat yn de kommende jierren fan krimp ûntjaan sil.
It die ek bliken dat der yn de gemeente It Hearrenfean saneamde omtinkers binne. Minsken dy’t de earste fragen omtrint soarch en oare praktyske saken beäntwurdzje of trochspylje kinne. Sa dat de linen fan de fraach nei it oanbod koart binne Sjoch, je kinne altyd wol negatyf wêze, mar soms komme je der yn in live online útstjoerd petear efter dat der omtinkers besteane. Dy omtinkers steane neffens my aardich tichter by de werklikheid en realiteit as de komplottinkers."