Deade potfisken fan Teksel wurde yn Harns yn stikken snijd

De fiif potfisken dy't tiisdei oanspielden op it strân fan Teksel, wurde tongersdei mei de boat nei Harns brocht. Dêr wurde se yn stikken snijd. De resten sille ferbaarnd wurde. Hoe let de bisten krekt yn Harns oankomme is net hielendal dúdlik. It kin noch wol even duorje, want earst wolle ûndersikers fan de Universiteit fan Utrecht seksje ferrjochtsje op ien of mear kadavers.
De bisten sille ferfierd wurde mei in spesjaal skip, dat tichtby it strân komme kin. Twa potfisken wiene al gau dea, de oaren hawwe de nacht net oerlibbe.
It falt net út te sluten dat der ek potfisken oanspiele op de Fryske waadeilannen. Dat seit direkteur Everaarts fan SOS Dolfijn, ien fan de organisaasjes dy't belutsen is by de fiif potfisken op Teksel. Everaarts tinkt dat de potfisken mooglik troch feroaringen yn de streaming de wei kwytrekke binne en yn de Noardsee bedarre binne. De Noardsee is relatyf ûndjip foar potfisken. Se kinne der ek min oan fretten komme. Net allinnich op Teksel binne koartlyn bisten oanspield, ek op de Dútske eilannen Langereach en Helgolân is dat bard. It kin wêze dat al dy potfisken by deselde groep hearden.