Opbringst suveleksport rint yn 2016 10% werom

© ANP
De wearde fan de Nederlânske suveleksport is ferline jier mei 10 persint ôfnommen yn fergeliking mei 2015. Dat makke de Nederlandse Zuivel Organisatie (NZO) woansdei bekend. Ferline jier waard mei de eksport fan tsiis, molke en bûter mei-inoar 6,6 miljard euro fertsjinne.
Under ynfloed fan de Russyske boykot, de legere fraach nei molkpoeier yn Sina en groeiende molkproduksje op de hiele wrâld stiene de prizen bot ûnder druk. Ek it ôfskaffen fan it molkkwotum yn Europa soarge foar legere prizen.
De grutste ôfnimmers fan Nederlânske suvelprodukten binne Dútslân, België en Frankryk. Bûten de EU binne Sina en Hongkong de gruste ôfsetmerk. De Nederlânske molkproduksje naam it ôfrûne jier mei 7 persint ta oant 13,3 miljard kilo. Fan alle suvelprodukten waard 35 persint yn Nederlân sels ferkocht, 45 persint gie nei oare lidsteaten fan de Europeeske Uny. Tweintich persint giet nei lannen bûten de EU. Yn de suvelsektor wurkje mei-inoar sa'n 60.000 minsken.