Grouster Bunker hat no offisjele museumstatus

13 jan 2016 - 19:21

Kommandopost De Bunker yn Grou hat sûnt koart de offisjele museumstatus. Besikers kinne dêrtroch no ek mei in museumkaart nei binnen. De frijwilligers fan de kommandopost binne tige wiis mei de offisjele status. Se sjogge it as in bekroaning, al komt der wol ekstra administraasje by te sjen.

De kommandopost falt ûnder it Nasjonaal Feilichheidsynstitút, dêr't ûnder oare ek it plysje- en it brânwachtmuseum ûnder falle. Dat ynstitút hat de offisjele status krigen, en dêr profitearret de Grouster kommandopost no ek fan.

Kâlde oarloch

De kommandopost stammet út de Kâlde Oarloch. By in atoomoanfal hie it provinsjebestjoer dêr skûlje kinnen. "We hawwe oere tiden hân," seit Roelof van Gelderen fan de kommandopost. "Mar dat it net altyd frede is, sjogge je ek yn dizze tiid."

Trefwurden: 
bunker kommandopost museum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)