Ungelok op Aldlânsdyk troch tadwaan spûkrydster

Troch de botsing wie der in skoft ferkearsoerlêst op de Aldlânsdyk © Anton Kappers
In 84-jierrige spûkrydster út Frjentsjer hat woansdei in ûngelok feroarsake op de Aldlânsdyk yn Ljouwert. De frou ried mei har auto fan de Stinzeflora ôf links de dyk op, wylst dat dêr hielendal net tastien is. In auto dy't har yn de mjitte kaam, koe net mear op tiid remje en in botsing wie it gefolch.
De frou is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Troch de helpferliening en de berging fan de auto's wie der in skoft oerlêst foar it oare ferkear.