Steenwijkerland is net dwaande mei fúzjeplannen

13 jan 2016 - 16:57

It is goed dat Weststellingwerf in diskusje fiert oer de takomst en dêrby ek oer de provinsjegrins sjocht, mar buorgemeente Steenwijkerland yn de kop fan Oerisel is net dwaande mei in fúzje. Dat seit boargemaster Marja van der Tas fan Steenwijkerland. Buro Rijnconsult hat foar de gemeente Weststellingwerf fiif takomstsenario's skreaun.

Ien fan de opsjes dy't besjoen wurdt, is it foarmjen fan in grutte gemeente Saksenland, mei Eaststellingwerf en mei Steenwijkerland yn Oerisel en Westerveld yn Drinte.

Sa soe in gemeente ûntstean fan 110.000 ynwenners, mei - sa skriuwt Rijnconsult - in dominant Saksyske kultuer en mei in unike kombinaasje fan toerisme en rekreaasje. Neffens boargemaster Van der Tas kin Steenwijkerland him op dit stuit hiel goed allinnich rêde. Har gemeente hat 43.000 ynwenners en wurket - as dat nedich is - mei ferskate oare gemeenten gear. Fierder wachtet sy de diskusje yn Weststellingwerf mei in protte belangstelling ôf. Op 1 febrewaris bepraat de ried fan Weststellingwerf de ferskate takomstsenario's. Earder liet ek de Drintske gemeente Westerveld al witte 'fernuvere te wêzen' oer it foarstel fan Weststellingwerf foar in mooglike fúzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)