Fideo: Film Sneekweek oer wike yn premjêre

13 jan 2016 - 16:20

De film Sneekweek giet oer in wike yn premjêre. De film is in 'seksy thriller' en giet oer seis freonen dy't in besite bringe oan de Snitswike. Se hiere in grut hûs oan de Snitsermar. It plan is om de hiele wike feest te fieren, mar geandewei de wike barre der nuvere dingen dy't de freonen net ferklearje kinne.

Yn de film spilet ûnder oare de Fryske akteur Ferry Doedens. Doedens, dy't earder stoppe as akteur yn Goede Tijden Slechte Tijden, fûn it moai om yn in film te spyljen oer de Snitswike om't er sels ek wolris op it evenemint komt.

De film is produsearre troch de Fries Klaas de Jong, dy't earder produsint wie by films as De Schippers van de Kameleon, De Hel van '63 en Michiel de Ruyter.

Trefwurden: 
Sneekweek film Ferry Doedens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)