Loftmacht oefenet wer mei it smiten fan bommen op Flyhors

13 jan 2016 - 15:32

Op de Flyhors op Flylân oefenet de loftmacht ein dizze moanne en begjin takom moanne wer mei it smiten fan echte bommen. It giet om bommen fan it type MK82, dat binne bommen fan 500 pûn.

Neffens definsje heart it smiten fan de bommen by it gewoane programma foar jachtfleaners, mar it belang is ekstra grut, no't Nederlânske F16's yn Irak ynsetten wurde yn de striid tsjin IS. De Flyhors is it meast westlike part fan Flylân.

Op it terrein stean meardere doelen opsteld foar fleantugen.

De oefening wurdt moarns en middeis dien, útsein de freedtemiddei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)