Wer fersakking Drachtsterbrêge: ferbod foar frachtferkear

13 jan 2016 - 13:09

Frachtferkear mei sûnt woansdeitemoarn net mear oer de Drachtsterbrêge yn Ljouwert. By de brêge wurdt op dit stuit in akwadukt oanlein. By it leechpompen fan de bouput is sân mei omheech kaam. Dat hat mooglik foar in fersakking fan de brêge soarge. Op dit stuit wurdt dêr ûndersyk nei dien.

Om foar te kommen dat der skea oan de brêge ûntstiet, mei frachtferkear salang it ûndersyk duorret net oer de brêge. Der wurdt mei buorden in omliedingsrûte oanjûn.

Hoe lang de beheining foar it frachtferkear duorret en oft der ek gefolgen binne foar it gewoane ferkear is noch net bekend. Op it Drachtsterplein steane ferkearsregelers dy't de frachtweinen in oare kant opstjoere. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)