Ljouwerter stel ferhannelet heroïne, kokaïne en xtc

© Facebook, Politie Leeuwarden e.o.
De plysje hat tiisdei twa Ljouwerters, in frou fan 23 jier en in man fan 34 jier, oanhâlden foar drugshannel. De plysje fûn 40 boltsjes heroïne en kokaïne, 10 xtc pillen en 5000 euro yn de auto fan de frou. Sy waard by in kontrôle op 'e died trappearre doe't se drugs ferkocht.
By de frou thús waard nochris 16 gram heroïne en kokaïne oantroffen. Dêr is ek de 34-jierrige man oanhâlden. De drugs, it jild en de auto binne yn beslach naam. De beide fertochten sitte noch fêst foar fierder ûndersyk.