Winkeldieven stelle avokado, fiskfoer en linzjery

13 jan 2016 - 10:01

De plysje yn Ljouwert wie tiisdei drok mei winkeldieven. In 25-jierrige Ljouwerter waard op it Hoeksterpaad oanhâlden foar it stellen fan in avokado en krige in boete fan 200 euro. In Ljouwerter fan 47 waard op it selde plak trappearre op it stellen fan in blikje fiskfoer. De man moat op 30 maart foar de rjochter ferskine.

In 39-jierrige Ljouwerter is op it Johannes Kolfplein oanhâlden foar it stellen fan snobbersguod fan 1,99 euro. In frou (19) en man (36) naaiden út nei't se op de Nijstêd trappearre waarden op stellerij fan linzjery.

Befeiligers achterhellen it stel en droech se oer oan de plysje. Al gau die bliken dat it stel earder op it rôverspaad west hat, se hiene al in winkelferbod.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)