Kollum: "Ferkearing út"

13 jan 2016 - 08:48

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"As je kollumnist yn Fryslân binne dan skriuw je faak oer ús skitterjende wetters dy’t streame mids dat geweldige griene greidlân, leafst fol mei grutte kwakken swartbûnt fee, mar dat stiet binnen te ploffen, dus dêr skriuw je dan net oer. Ek net oer de beammen yn Fryslân. Wylst we dochs safolle fan dy dingen hjir ha. Benammen yn Súdeast-Fryslân en fansels yn Gaasterlân.

Ik skriuw der dus amper oer, mar moat earlik sizze, we rinne sneins wolris yn it bosk, en it falt my alle kearen wer ta dat safolle Friezen der ek yn omsjouwe, wylst se de mûle altyd sa fol ha oer it iepen lânskip fan Fryslân.

Beammen. Yn Skandinavië moat je foar elke beam dy´t je kappe, in nijen plantsje. Stadichoan komme wy ek wol ta sa’n belied. By de Sintrale As is der noch al wat kapt, mar der skynt ek wer fan alles plante te wêzen. Prima. Ek dat der hieltyd mear argewaasje is as der beammen kapt wurde moatte. Inkeld is it oarsom.

Yn Aldeholtpea oan de Grutte Kamp wolle de minsken de rige fan 26 beammen, elzen, dy’t de gemeente dêr plante hat in pear jier lyn, leaver wer fuort ha. Dy elzen, sizze se, ha der foar soarge dat dy bewenners dêr allegear sûnensklachten ha. Kappe dy hannel. Hup gemeente, jim ha se dêr delsetten. No seit dy gemeente, om ús kin dat wol, mar dan moat jim dat sels betelje. Alles? No toe dan mar, it kostet 23000 euro, de gemeente stiet foar 6000 euro, dy oare 17 moat jim sels mar opbringe. Ja mar, sûnens , jim skuld. Nee, ien tredde, twa tredde en oars bliuwe se mar stean.

Ik leau dat ik sa lilk wurde soe, dat ik in sjofel liende en dy beammen allegear yn ien kear plat rydt en in pear mear ek noch. Dy lilkens dan benammen om't je elkenien ferplichtsje te beteljen, want der kin net in pear beammen stean bliuwe, want buorfrou wurdt der noch wol siik fan. Wat in frjemde gemeente, dit hat dochs hielendal neat te krijen mei de wize wêrop’t we yn Fryslân ditsoarte dingen altyd mei syn allen oplosse.

No, in pear dagen letter wisten we it. Weststellingwerf, want dat is de gemeente dêr’t we it oer ha, dat wol net mear by ús yn dat gesellige hokje sitte. Weststellingwerf wol de provinsje út en fusearje mei gemeente Steenwijkerland. Pats. It earme Eaststellingwerf, dat al sa’n tsien jier serieuze ferkearing mei Weststellingwerf hie, bliuwt skriemend efter yn dat nearzige Fryslân en mei net mei nei de blykber gouden sinne gebieten fan Noardwest-Oerisel. Driehoeksruil.

Yn 1200 hearden de Stellingwerven by Drinte, mar dat wie sok nuver folk, dus letter ha se har oansletten by Fryslân, by de Zevenwouden, want dat wie gâns demokratysker as Drinte. De Stellingwerven ha ek besocht op eigen poaten te stean, mar útsein de taal krigen se dêr gjin kâns foar. En dan kin je wol ta it Saksysk taalgebiet hearre, mar yn 1628 hienen de Friezen in wetterliny by de Tsjonger. Dêr hâlden se de Saksen tsjin en dêr wiene dy Stelingwervers mar wakker bliid mei. Lekker yn it Fryske hokje. En no ferhúzje se ynienen nei Noardwest-Oerisel.

No ja, it is noch net sa fier, mar rekkenje mar dat se fierder binne as dat we no tinke. Dy lju ha dêr de lêste tsien, fyftjin jier yn alle stilte saken dien. Wolvegea mar grutter en ekonomysk better makke, sûnder it oan de grutte klok te hingjen. Ik tink dat soks ek noch it Saksysk erfskip is, Drinten ha dat noch, dêr is dochs wat fan hingjen bleaun. Se ha altyd wat oars sein yn Fryslân mar tagelyk de oare kant útwurke. Dat komt harren better út. It is eins ek in komplimint oan It Hearrenfean, dat Wolvegea leaver ûnder de flagge fan Stienwyk fierder giet as ûnder dy fan it harren te machtige Hearrenfean. Earlik, we ha al dy tiid Wolvegea net seuren heard, lykas de oare sub plakken as Frjentsjer, Harns, Surhústerfean, Boalsert, De Gordyk, Dokkum benammen en sokken.

Wolvegea hat wol netsjes alle Fryske mooglikheden, subsydzjes en Fryske útstrieling brûkt. Mar krije se it no echt better as se in pear beamkes net kappe?"

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)