It Amelân test nije enerzjysunige techniken

It Amelân wol yn 2016 noch fierder groeie yn de wrâld fan de duorsumens. Dêrom wurdt de gearwurking mei it saneamde Energietransitiecentrum Entrance út Grins flink útwreide. Dit sintrum fan de Hanze Hegeskoalle yn Grins sil dit jier tal fan nije enerzjysunige techniken útteste op It Amelân.
Sa wurde der 50 BlueGen generatoaren úttesten. Dit binne stroomgeneratoaren dy't geskikt binne foar húshâldens. En letter dit jier wurdt op It Amelân ek it grutste sinnepark fan Nederlân iepene.
It Amelân wol yn 2020 folslein selsfoarsjennend wêze op it mêd fan enerzjy.