Toerist siket feiliger fakânsjebestimming út

De toerist hâldt hjoed-de-dei de aktualiteit goed yn 'e gaten. Istanbûl waard tiisdei troffen troch in oanslach en dat sil grif gefolgen hawwe foar de reizen dy kant út. By reisburo Travel Club yn Stiens fernimme se dat minsken foarsichtiger wurden binne. Se kieze feiliger bestimmings lykas Spanje en Portugal, of hawwe folle mear fragen as minsken dochs nei Turkije of Egypte wolle.
Fan tiisdei ôf is der ien sintraal nûmer +31 247-247-247 fan Bûtenlânske Saken dat toeristen dei en nacht belje kinnen foar tips en helpfragen.