FBTO hat der 15.000 nije klanten by krige

12 jan 2016 - 16:46

Soarchfersekerder FBTO is dit jier mei 15.000 klanten groeid. It totaal komt dêrmei op 383.000. FBTO tinkt dat de taname benammen komt trochdat klanten harren eigen soarchfersekering gearstalle kinne. It is foar it njoggende jier op rige dat de fersekerder groeit.

De FBTO wie it ôfrûne bot aktyf op de sosjale media. It is hielendal gewoan wurden om op Facebook en Whatsapp kontakt te hawwen mei de klanten.

Trefwurden: 
FBTO soarchfersekerder
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)