Eachsoarch Antoniussikehûs krijt kwaliteitssertifikaat

12 jan 2016 - 16:43

It Antoniussikehûs yn Snits hat in kwaliteitssertifikaat krigen foar it behanneljen fan de eachsykte glaukoom. It sertifikaat is útrikt troch it Oogzorgnetwerk. Dêr binne allegearre sikehuzen by oansletten dêr't minsken mei eachproblemen holpen wurde kinne.

It Antoniussikehûs docht it goed wat foarljochting oanbelanget. Minsken wurde dêr gau holpen en it sikehûs is pasjintfreonlik. It is al it tredde kwaliteitssertifkaat dat de ôfdieling eachhielkunde yn Snits krigen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)