Wurk oan de Wetterpoarte duorret langer as tocht

12 jan 2016 - 16:38

De Wetterpoarte yn Snits hat folle langer yn de stegers stien as earst de bedoeling wie. De restauraasje fan it monumintale gebou wie offisjeel begjin desimber al klear, mar by it wurk kamen saken oan it ljocht dy't dochs noch oanpakt wurde moasten. It giet dan ûnder oare om it mitselwurk en ankers yn de muorren. Troch de stegers stean te litten koe jild besparre wurde.

It is de bedoeling dat it wurk de kommende dagen dien makke wurdt en dan sille de stegers fuort helle wurde.

Trefwurden: 
Wetterpoart Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)