Renovaasje en nijbou yn wyk De Bouwen yn Drachten

De Bouwen yn Drachten © Omrop Fryslân, Dirk Baron
Wenningkorporaasje WoonFriesland is tiisdei yn Drachten begûn mei de bou fan 42 nije huzen yn de wyk De Bouwen. De huzen wurde fan 't hjerst oplevere. De bou is ûnderdiel fan de wykfernijing. Earder waarden al 72 nije huzen boud en goed 40 binne renovearre. No komme der noch mear nije huzen by.
De opknapbeurt fan De Bouwen yn Drachten kostet 31 miljoen euro.