Selstraf en tbs easke tsjin Drint dy't Fryske famkes pakte

12 jan 2016 - 16:19

Tsjin in man út it Drintske Klijndijk is tiisdei trije jier sel en tbs easke foar oantaasting ('aanranding'). Hy soe yn de simmer fan 2013 yn Fryslân sân famkes seksueel betaast hawwe dy't op de fyts ûnderweis wiene. De man siet yn dy tiid yn in klinyk yn Frjentsjer.

Ferline jier sloech er ta yn Drinte. De man hat bekend dat er dêr aktyf wie, mar de misdriuwen yn Fryslân ûntkent er. Neffens de offisier fan justysje is er ferantwurdlik foar alle misdriuwen.

Justysje seit dat de man fermindere tarekkenber is, omdat er ferskate psychyske stoarnissen hat. Dêrom moat er nei in selstraf behannele wurde yn in klinyk. De offisier easke boppedat in skeafergoeding fan 9000 euro foar de slachtoffers.

 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)