Wurksumheden oan brêge Skûlenboarch by Jistrum útsteld

12 jan 2016 - 15:23

De herstelwurksumheden oan de brêge Skûlenboarch by Jistrum begjinne letter. Der soe woansdei mei úteinset wurde, mar dit slagget net. Dat seit in wurdfierder fan Rykswettersteat. De boat dy't nedich is om de reparaasje út te fieren, leit noch yn in dok yn Delfsyl.

Nei alle gedachten wurdt der no moandei mei de wurksumheden begûn. Yn 2014 fear der in boat by de brêge oer it Prinses Margrietkanaal op. Hjirtroch rekke de brêge swier skansearre. Nei alle gedachten sil de brêge de earste tsien dagen fan de wurksumheden ôfsletten wêze.

Dêrnei kin der wol wer oerhinne riden wurde, mar it ferkear moat dan noch wol rekken hâlde mei langere wachttiden. It skipfeartferkear sil minder hinder ûnderfine fan de wurksumheden.

Trefwurden: 
brêge Skûlenboarch Jistrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)