CDA: "Wat betsjut mear bebouwing lâns de kust foar Fryslân?"

De waadkust © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De provinsjale CDA-fraksje is benijd nei de gefolgen foar Fryslân fan it kabinetsbeslút om tenei mear bebouwing by de kust ta te stean. It CDA wol fan de deputearre witte hoe't de provinsje mei dit nije belied omgiet en oft der al plannen binne.
De fraksje fynt it wichtich om de natuer te behâlden, mar jout tagelyk oan dat dêrneist it toerisme in wichtige rol spilet.