Fryske sikehuzen betelje miljoenen oan kwaliteitsmjittings

12 jan 2016 - 13:28

Sikehuzen yn Fryslân binne tefolle tiid en jild kwyt oan kwaliteitmjittings. De klam moat yn de takomst folle mear lizze op mjittings dy't in direkt effekt hawwe op de sûnens en behanneling fan de pasjint. Dat sizze bestjoerders Patrick Vink fan De Tsjongerskâns op It Hearrenfean en John van Arnhem fan Nij Smellinghe yn Drachten.

De sikehuzen stypje de útkomsten fan in rapport dat makke is yn opdracht fan de Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen, de NVZ.

Yn it ûndersyk stiet dat Nederlânske sikehuzen yn totaal wol 80 miljoen euro kwyt binne oan kwaliteitsmjittings en registraasje fan saken. Dat is per sikehûs gemiddeld 1,3 miljoen euro. It slacht te fier troch, fine de Fryske sikehûsbestjoerders. De Tsjongerskâns oerleit ien kear yn de trije moannen mei de medysk spesjalisten, om te sjen hokker mjittings wol of net needsaaklik binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)