Jonge ûndernimmers wolle graach restaurant begjinne

12 jan 2016 - 11:21

Yn Ljouwert is de fraach nei bedriuwsromte foar it opsetten fan restaurants it ôfrûne jier flink tanaam. Dat konstatearret Joko Edens dy't makeler yn hoarekabedriuwsromte is. It binne benammen jonge ôfstudearre ûndernimmers dy't ferlet hawwe fan romte. Foarich jier binne yn Ljouwert ûnder oare in tal Easterske restaurants iepene.

Neist Ljouwert sjocht bedriuwsmakeler Edens ek op oare plakken yn Fryslân dat der wer ferlet is fan hoarekaromte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)