Autodief sûnder rydbewiis en mei drank op oanhâlden

12 jan 2016 - 10:08

De plysje hat moandeitenacht in 26-jierrige autodief oanhâlden, dy't earder op de jûn yn Ljouwert de auto fan in frou stellen hie. De frou hie har auto mei draaiende motor op it Cambuursterpaad set om har heit op te heljen. Dy moast nei it sikehûs. Doe't de frou har heit fan hûs helle, naaide de man mei har auto út.

Plysjes yn it Grinzer Haren seagen de man letter yn de nacht riden en setten him oan de kant. Ut ûndersyk die bliken dat de man sûnder fêst wenplak gjin rydbewiis hat en dat hy mei drank op achter it stjoer siet.

Hy wegere mei te wurkjen oan in bloedproef. De man sit noch fêst.

Trefwurden: 
autodief drank plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)