Gjin Cambuurkaartsjes mear foar Fryske derby
Der is foar Cambuursupporters gjin inkelde kaart mear te krijen foar de Fryske twastriid tsjin SC Hearrenfean op 31 jannewaris. Cambuur hat binnen in dei alle kaarten ferkocht. Foar Feanfans binne der noch wol kaarten. De ferkeap fan kaarten foar it útfak set no freed útein.