Emosjonele byienkomst nei famyljedrama yn Sânhuzen

Sa'n tritich minsken kamen moandeitejûn ôf op de byienkomst foar buertbewenners nei it famyljedrama yn Sânhuzen. Neffens boargemaster Gerard van Klaveren fan Weststellingwerf wie it in emosjonele byienkomst yn it gemeentehûs yn Wolvegea.
Van Klaveren fertelde hoe't de gemeente by it gesin belutsen west hat. Yn 2014 is de helpferliening ophâlden om't it gesin net langer meiwurkje woe. Neffens de boargemaster komt it yn oare gemeenten ek wol foar dat ynstânsjes wol helpe wolle, mar dat se foar in tichte doar komme te stean.
By de byienkomst wiene ek fertsjintwurdigers fan de plysje, slachtofferhelp en de basisskoalle oanwêzich. De bern fan de troffen húshâlding wurde op in oar plak opfongen. It giet om in jonkje fan 5 en in famke fan 6 jier. De bern wiene gjin tsjûge fan it barren, seit de plysje, mar it is se goed dúdlik dat de heit en mem net mear libje.
De plysje hat sneontemoarn yn in hûs yn Sânhuzen it stoflik omskot fûn fan in man en in frou fûn. It gie om de bewenners fan it hûs. Ut ûndersyk is dúdlik wurden dat de 41-jierrige man syn 34-jierrige frou de nachts dêrfoar om it libben brocht hat. Dêrnei die er himsels te koart. Relaasjeproblemen lykje de oanlieding te wêzen.
Plysje en Iepenbier Ministearje hawwe twa dagen ûndersyk dien. Der wienen gjin spoaren dat oaren it echtpear ombrocht hawwe soenen. Nei alle gedachten is oan de moard rûzje foarôfgien. Oer de omstannichheden hoe't dat bard is, wurdt neat bekend makke út earbied nei de neibesteanden ta.