Frijwilligersakademy Fryslân regelet opliedings frijwilliger

11 jan 2016 - 19:42

De 'Vrijwilligers Academie Fryslân' (VAF) is offisjeel los. Moandei waard de webside online setten troch deputearre Michiel Schrier. De ynset fan frijwilligers is de lêste jierren hieltyd grutter wurden: yn de soarch, de leefberheid fan wyk, doarp en plattelân, de sport en mear. Sterker noch: op in soad plakken draait it sels op frijwilligers.

Dêrom is it belangryk om it kennisnivo fan de frijwilligers op peil te bringen en te hâlden. De akademy wol fraach en oanbod fan opliedingen foar frijwilligers byinoar bringe.

De organisaasje fan Kulturele Haadstêd 2018 hat al witte litte har frijwilligers fia de VAF kursussen oan te bieden. It inisjatyf foar de VAF komt fan Partoer en hat as partners: Doarpswurk, Sport Fryslân, Timpaan Welzijn, Keunstwurk, WellZo, Miks Welzijn en KAeRN Welzijn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)