Fisker fan sânplaat rêden by Skylge

11 jan 2016 - 18:36

De rêdingsboaten fan Harns en Skylge binne moandeiteûn útfearn om in fisker fan in sânplaat te rêden. De man siet earder mei in oarenien yn in rubberboatsje. Doe't er op in sânplaat wie, dreau it boatsje ôf en bleau de man achter op de sânplaat. Omdat it net wis wie oft de boaten by him komme koenen, is de SAR-helikopter ek oproppen.

Ynset fan de helikopter bliek net nedich. De man mei it rubberboatsje koe wer by him komme. Beide manlju binne feilich oerstapt op in grutter fiskersskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)