Gemeente wol jonge mantelsoargers evenemint oanbiede

11 jan 2016 - 17:54

De gemeente Eaststellingwerf wol alle jierren in evenemint organisearje foar jonge mantelsoargers. Dy moatte dêrtroch eefkes derút kinne. Ien op de sân jongeren yn Eaststellingwerf is mantelsoarger. In tredde dêrfan wol graach yn kontakt komme mei leeftiidsgenoaten dy't ek foar in oarenien soargje.

De kommende wiken tinke jonge mantelsoargers sels nei oer hokker evenemint it krekt wurde moat. De gemeente wol graach hearre hoe't de jongeren dêroer tinke, seit wethâlder Engbert van Esch.

"Ik ben een groot voetbalfan, dus ik zou het bijvoorbeeld leuk vinden om met deze groep een eredivisiewedstrijd bij te wonen. Maar misschien bezoeken zij wel veel liever een (pop)concert of een pretpark, dan hoor ik dat natuurlijk graag.”

Mei it evenemint wol de gemeente in byld krije fan de jonge mantelsoargers yn Eaststellingwerf. Sy kinne dan steun op maat krije. "Het is een manier om onze waardering en respect te tonen aan deze groep op een manier die voor hen leuk is", seit Van Esch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)