FIDEO: Popikoan David Bowie ferstoarn, run op finyl

11 jan 2016 - 17:17

De dea fan popikoan David Bowie hat yn de Ljouwerter platesaak King Kong Records soarge foar in run op syn elpees. It oarpronklike finyl dat eigener André Moerman njonken cd's yn syn winkel ferkeapet, wie yn koarte tiid útferkocht.

Bowie ferstoar snein yn 'e âldens fan 69 jier. Hy hie leverkanker en wie al in skoft siik, mar hâlde dat stil. Sadwaande kaam it nijs fan syn dea totaal ûnferwachts. Bowie hat krekt noch in nije cd útbrocht.

Trefwurden: 
David Bowie Popmuzyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)