Drama's net foar te kommen, seit helpferlieningsynstânsje

11 jan 2016 - 15:35

Famyljedrama's lykas yn Sânhuzen binne net foar te kommen. Dat seit Fier Fryslân, ien fan de helpynstânsjes dy't yn it ferline by it gesin belutsen wie. Dit wykein brocht in 41-jierige man út it doarp syn frou om it libben. Dêrnei die er himsels te koart. Twa berntsjes fan 5 en 6 bliuwe allinnich achter.

De helpferliening oan de húshâlding is yn 2014 ophâlden om't se net langer meiwurkje woene. Helpferlienende ynstânsjes skatten doe yn dat der gjin gefaar mear wie. Der binne ek gjin nije meldings mear kaam.

Fier Fryslân kriget alle jieren mear as twatûzen meldings fan húslik geweld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)