Cambuur hat nije spiler: Tom Hiariej fan FC Grins

11 jan 2016 - 15:20

Spiler Tom Hiariej is de nije spiler fan Sportklup Cambuur. Dat stiet op de webside fan de Ljouwerter klup. Hiariej komt fan FC Grins. Dêr hat er 148 duels yn de earedifyzje spile. Fjouwer dêrfan spile er de earste helte fan dit seizoen. Troch in ankelblessuere is er op it twadde plan yn Grins kommen.

Hiariej kin as ferdigenjende middenfjilder, mar ek as rjochtsback brûkt wurde. Hy wurdt foar in healjier ynhierd fan Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)