Ljouwerter skoallen wurde stadichoan sûner

11 jan 2016 - 12:15

De sûne skoalle krijt hieltiid mear foarm yn de gemeente Ljouwert. Mei in tal skoallen is in konvenant sletten op it mêd fan iten en smookbelied. Sûnt ferline wike hat bygelyks it Comenius it smookbelied oanskerpe. Der mei net mear op it plein smookt wurde. No allinnich noch achter de skoalle, mar op termyn sil dat ek ophâlde.

De kantine krijt ek hieltiid mear sûne produkten. Der wurde noch wol snacks oanbean, mar de sûne broadsjes en fruithapkes komme hieltiid mear yn de skappen telizzen en de learlingen fine it ek noch lekker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)