Bewenners fan de Nachtegaalflat binne oan it ferhúzjen

11 jan 2016 - 11:34

It grutste part fan de minsken út de Nachtegaalflat yn Drachten hat nije wenromte. It giet om tritich minsken dy't in wente oanbean krigen ha. De earsten fan har binne al ferhuze en oaren binne oan it ferhúzjen. Foar njoggen oaren wurdt noch in wente socht.

Yn de nacht fan 27 op 28 desimber wie der in gaseksploazje yn ien fan de wenten. In part fan de flat stoarte letter yn. Der wurdt hurd wurke oan it oprêden fan it pún. As dat dien is, wurde de lêste seis apparteminten stabilisearre. Dêr kin oant no ta noch net ien yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)