Idesta nimt soarch fan WIL-kliïnten yn Grou oer

© ANP
De Idesta soarchgroep nimt per 1 febrewaris de soarch fan 20 kliïnten yn Grou oer. Dizze minsken krije no noch soarch fan WIL, in ûnderdiel fan de Alliadegroep. It personiel wurdt ek troch Idesta oernommen. It giet hjir om bewenners fan it eardere Friesmahiem, dy't dêr wenbegelieding krije, omdat se in lichte geastlike of lichaamlike beheining hawwe. De reden foar de oername is dat der ûndúdlikheid wie oft it stipepunt fan WIL wol iepenbliuwe soe. De kliïnten woene dat net ôfwachtsje en binne oerstapt nei Idesta.