Frou rekket slim ferwûne by ûngelok by Easterein

11 jan 2016 - 09:42

By in iensidich ûngelok op de Wynserdyk by Easterein is moandeitemoarn in 28-jierrige frou slim ferwûne rekke. De auto botste troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in beam wêrtroch't de bestjoerder beknipe rekke.

De helptsjinsten hawwe hast in oere dwaande west om de frou út de auto te krijen. Hy is dêrnei nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.

Trefwurden: 
Wynserdyk ûngelok Easterein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)