Fjouwer manlju brekke yn by winkel yn Ljouwert

11 jan 2016 - 08:43

Yn in winkel oan de Krúsdobbe yn Ljouwert is yn de nacht fan snein op moandei ynbrutsen. Op kamerabylden binne fjouwer ynbrekkers mei bivakmûtsen te sjen. Om der yn te kommen waard de winkel iepenbrutsen. It is noch net bekend wat der stellen is. It giet om manlju fan sa'n 1 meter 80 lang, mei donkere broeken en grize jassen oan.

De plysje freget tsjûgen om har te melden.

Trefwurden: 
ynbraak Krúsdobbe Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)