Bart de Vries wint maraton Tilburg

10 jan 2016 - 21:24

Bart de Vries hat snein de 14e maraton om de KPN Cup wûn. Yn Tilburg wie er de tûkste fan in kopgroep fan trettjin man. Doe't it peloton de sprint hân hie en it publyk in spannende finale ferwachte fan de koprinners, naaide de de Haulster út. Hy krige mar twa man mei: Mats Stoltenborg en Jouke Hoogeveen. De trije hiene samar in rûntsje foarsprong. De Vries makke dêrnei dien wurk troch de sprint te winnen.

It wie in opmerklike winst foar Bart de Vries. In dei earder by de maraton fan Eindhoven stie er nei fiif rûntsjes al oan de kant.

In falpartij soarge foar maleur oan syn redens.

By de froulju gong de winst nei Lisa van der Geest út Warmond. Corina Strikwerda fan It Hearrenfean waard kreas tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)