Gosse van der Meer wint brûns op it NK fjildriden beloften

© awfoto.nl
Gosse van der Meer is op it Nederlânsk kampioenskip fjildriden tredde wurden by de beloften. Yn Hellendoorn naaiden de Raborenners Sieben Wouters, Martijn Budding en Joris Nieuwenhuis daliks út. Van der Meer syn start wie muoisum. "It wie wrotten om wer foaryn te kommen", sei de 20-jierrige Surhúster. Mar de ynhelrace slagge. De grutte favoryt foar de titel, Joris Nieuwenhuis, waard as lêste troch Van der Meer ynhelle en efterlitten. Kampioen Wouters en twadde man Budding wiene net mear te pakken.
Foar Van der Meer wie it de earste medalje op in nasjonaal kampioenskip.